Fryslân Aktueel: Ferkiezings fan 19 maart 2014 19:00

  • Spiler wurdt laden

Utslach riedsferkiezings live op radio en televyzje by Omrop Fryslân
Omrop Fryslân stiet op 19 maart wiidweidich stil by de riedsferkiezings. Yn in spesjaal programma, dat sawol op radio as televyzje en omroplive.nl útstjoerd wurdt, bringe de ferslachjouwers de útslaggen, sa gau 't dy der binne. De technyske mooglikheden binne de lêste jierren flink tanommen en yn dit programma makket Omrop Fryslân dêr gebrûk fan. Sa binne der live-TV-ferbinings mei fjouwer plakken yn de provinsje: Snits, Dokkum, Harns en Drachten. Yn de studio reagearje ferskate gasten op de earste útslaggen.

It programma begjint jûns om 19.00 oere earst op de radio. Tema's binne bygelyks de earste jierren fan de nije gemeente Súdwest Fryslân en de muoisume gearwurking yn Noardeast Fryslân. Trije 'senioaren' út de Fryske polityk fertelle oer har wurk as riedslid en hoe't se dat belibbe hawwe.

Om 21.00 oere is it radioprogramma ek op TV te sjen, in konsept dat mei de weryndielingsferkiezings fan novimber foar it earst tapast waard en doe goed foldien hat. It spesjale ferkiezingsprogramma duorret nei alle gedachten oant ien oere nachts.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)