Fryslân DOK fan 8 jannewaris 2012

De Oertrûbadoer, Roel Slofstra

Hy wie feitlik de earste Frysktalige trûbadoer, in singer-songwriter dy't yn de jierren sechtich oan de slach gie mei skerpe teksten en in gitaar. Lykas Bob Dylan dat die, Joan Baez, of Boudewijn de Groot. Dêrom mei Roel Slofstra him de grûnlizzer neame fan de Frysktalige folksmuzyk, de 'godfather' fan hjoeddeistige artysten lykas Piter Wilkens en Gurbe Douwstra. Fryslân DOK makke in portret fan Roel Slofstra.

Slofstra stie al yn de jierren sechtich op de planken mei selsskreaune lieten. Hy song yn in suver klassike styl en syn gitaarspul wie fan hegeskoalle-nivo. Dat makke him in opfallend figuer yn de muzykwrâld. 'It lot fan Tea' wie ien fan syn earste nûmers, mar hy kaam foaral yn de skynwerpers te stean mei syn bewurkings fan bibelske teksten fan Fedde Schurer.
Ek syn muzikale projekt om it ferhaal fan Eije Wijkstra hinne makke him bekend, krekt lykas syn gearwurking mei minsken as Tiny Mulder en Sybe Krol. Hjoed-de-dei, no't Slofstra de santich foarby is, stiet er net mear op de bühne.

Yn twa dielen op Nederlân 2 en ien diel fan in oere by Omrop Fryslân wurdt Slofstra wiidweidich portretearre en sjogge wy ûnder oaren argyfbylden dy't syn karriêre beflappe. Ek sjonge seis artysten elk in liet fan Slofstra, ûnder muzikale lieding fan Peter van der Zwaag.

Diel 1, snein 8 jannewaris om 15.30 oere en sneon 14 jannewaris om 10.30 oere op Ned. 2
Diel 2, snein 15 jannewaris om 15.30 en sneon 21 jannewaris om 10.30 oere op Ned. 2
Diel 1 en 2 as ien diel op snein 15 jannewaris fan 17.00 oere ôf op alle hiele oeren by Omrop Fryslân

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)