Fryslân DOK fan 8 april 2012

25 Jier Aaipop

Der hat in tiid west dat der op peaskemoandei allinne mar wat meubelrûtes en in inkele autocross yn Fryslân wie. It wie mar in deade dei op it plattelân. Yn 1987 seach de kastlein fan Nijlân, Remmelt Boonstra, kânsen foar in muzykfestival om dy drege dei om te krijen. It waard Aaipop. It begjin fan in suksesformule, dy't yntusken sa’n twa- oant trijetûzen minsken lûkt.

Aaipop groeide út ta ít poadium foar de Frysktalige muzyk en in oergesellich maitiidsfeest foar it jongfolk út de greidhoeke. Ynienen hienen de jongerein in plak dêr’t sy nei in lange winter, yn in dekôr fan lûde muzyk, einlings wer bûten stean koenen te balten, te bierdrinken en as it trof in moai wyfke te fersieren.

Yn Fryslân DOK is it ferhaal te hearren fan de man dy't 25 jier lyn mei it festival begûn en alles wit fan de Fryske popmuzyk: Beart Oosterhaven. Ek sjogge jo Hendrika en Popke; sy troffen elkoar foar it earst op Aaipop en ferwachtsje no in lytse. En wy geane op besite by in pear Aaipop-ikoanen: Doede Bleeker, Else van der Greft fan Briquebeck, de mannen fan Jitiizer en it nije jonge talint fan de band N.N.B. Wat is no eins de aardichheid fan Aaipop, wat hat 25 jier Aaipop ús brocht en wat binne de ferwachtings fan de bands en muzikanten?

Op 5 april 2012 sil de útstalling, oer 25 jier Aaipop en de Fryske popmuzyk, jûns iepene wurde yn Tresoar troch deputearre Jannewietske de Vries. Der wurdt dan weromsjoen op de rike skiednis en groei fan de Fryske muzyk sûnt 1987. Dat wurdt dien yn reünyfoarm: alle bands, artysten, frijwilligers, pommeranten en fanatike Aaipop-leafhawwers wurde troch Tresoar útnoege foar de iepening fan de útstalling. It wurdt in jûn mei in soad romte om âlde oantinkens op te heljen. Ek sil de dokumintêre fan Fryslân DOK dizze jûn yn premjêre gean.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)