Fryslân DOK fan 5 febrewaris 2012

Djipgean foar Vancouver

Seldsum iepenhertich. Dat is de dokumintêre ‘Djipgean foar Vancouver’, oer eks-topsporter Margriet de Schutter (25). De film wurdt op snein 5 febrewaris 2012 útstjoerd op Omrop Fryslân Televyzje en Nederlân 2. Oanlieding foar dy datum is de finale fan de Korean Air ISU World Cup Shorttrack dy’t in wike letter, fan 10 oant en mei 12 febrewaris, ferriden wurde sil yn Dordrecht.

'Djipgean foar Vancouver' is in dokumintêre oer shorttrack-reedrydster Margriet de Schutter, dy't fan jongs ôf oan de dream hie om mei te dwaan oan de Olympyske Winterspullen yn Vancouver. Yn de dokumintêre nimt Margriet op unike wize de sjogger mei yn de wrâld fan har libben as topsporter. Noch net earder wie in sporter sa iepenhertich oer de wei nei it grutte doel: de Olympyske Spullen.

Troch jierrenlange training komt Margriet hiel fier en sy wurdt lid fan it nasjonale shorttrackteam. De swiere trainings en de ynternasjonale wedstriden bringe har súkses, mar ek hieltyd mear blessueres. Har enoarme wil bringt Margriet tichtby dielname oan Vancouver. Wannear't sy har plak yn it team ferliest, komt Margriet yn in mentale krisis terjochte. Har mental coach riedt har oan wer op syk te gean nei har wiere ‘ik’.

Mei in idee foar dizze film wûn Margriet yn 2010 de scenario-workshop foar dokumintêre fan it Noordelijk Film Festival ûnder lieding fan dokumintêremakker Thom Verheul.

De Fryslân DOK dokumintêre 'Djipgean foar Vancouver' belibbe op tongersdei 10 novimber 2011 har premjêre op it Noordelijk Film Festival yn Stedsskouboarch De Harmonie yn Ljouwert. De film waard oankundige troch âld-sprinter en reedrider Erben Wennemars.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)