Fryslân Dok fan 27 maaie 2012

Fryslân DOK: De Veilige Veste

Fier Fryslân en wenningboukorporaasje WoonFriesland spanden harren fjouwer jier lang yn foar in nij en bysûnder opfanghûs foar famkes dy’t op ‘e flecht binne foar loverboys, twongen prostitúsje en geweld dat te krijen hat mei ear.

Yn dy perioade waard in âld polysjeburo yn Ljouwert út de jierren santich omboud ta de Feilige Feste, in arsjitektoanysk tige yn it each springend gebou mei plak foar fyftich famkes. De Feilige Feste wurdt 24 maaie offisjeel iepene troch Fier Fryslân. Fier Fryslân en WoonFriesland wolle dêrmei in statement meitsje nei de maatskippij en slachtoffers fan twongen prostitúsje en earwraak út de anonimiteit helje.

Yn dizze Fryslân DOK fertelle slachtoffers fan minskehannel en helpferlieners hoe’t it is om harren net langer te ferbergjen. De hearskjende noarm yn Nederlân is dat de opfang noch altyd plakfynt op geheime lokaasjes. Neffens Fier Fryslân ûnderfine in soad slachtoffers dat as in dûbele straf. It nije ûnderkommen moat harren in grutter gefoel fan eigenwearde jaan wêrtroch’t it ienfâldiger wurdt in nij bestean op te bouwen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)