Fryslân DOK fan 22 april 2012

40 jier Hessel, yn de Groene Weide

Hessel, de sjongende kroechbaas fan Skylge, fierde op 24 maart dat er 40 jier yn it fak sit. Fryslân DOK socht Hessel van der Kooij op. Van der Kooij praat iepenhertich oer syn jeugd, de gearwurking mei dochter Tess en de takomst.

Doe't Hessel van der Kooij noch mar 16 wie, begûn er yn it kafee De Groene Weide yn Hoarne (Hoorn). De winst moast yn it begjin benammen fan de patatsaak komme, want in soad gasten kamen der net. Ut ferfeling spile Van der Kooij alle dagen gitaar en dat is yn de rin fan de jierren no krekt de kaai fan it grutte súkses wurden. Dat late begjin jierren '90 sels ta in konsert yn in útferkocht Ahoy.

Yn de dokumintêre fertelt Hessel van der Kooij oer hoe't syn heit en mem mei hurd wurkjen in better bestean opbouden foar it gesin. Dat hurde wurkjen is de reade tried yn it libben fan Van der Kooij en dat hâldt net op by De Groene Weide.

It bedriuw wurdt laat troch dochter Tess; sy is de algemien direkteur. Heit en dochter wurkje yntinsyf gear. Sa nimme sy tegearre it nije album fan Tess op.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)