Fryslân DOK fan 26 augustus 2012

100 jier emigraasje nei Carambeí yn Brazilië diel 2

Omrop Fryslân komt mei in twadielige dokumintêre oer de emigraasje nei Brazilië. Yn 1911, 100 jier ferlyn, emigrearren boeren út 's Gravendeel nei Carambeí yn Brazilië. De boeren fûnen it buorkjen yn Súd-Hollân riskant, omdat de polders dêr faak ûnderstrûpten en de fruchten dan ferlern gienen. Doe't sy hearden dat der yn Brazilië romte en goede grûn wie, namen sy de grutte stap om te emigrearjen. Nei de Twadde Wrâldoarloch kaam der in twadde emigraasjegolf doe't in tal Fryske boeren mear earmslach hawwe woe.

Diel 2

Yn 1947 stuts Bauke Dykstra mei syn húshâlding en syn beslach Frysk stamboekfee oer nei Brazilië. Dykstra kaam fan Toppenhuzen en socht om in nije útdaging. De Fryske kij joegen folle mear molke as de Braziliaanske en dêrby wienen it klimaat en de grûn by Carambeí geunstich. Twa kear reizge Dykstra noch nei Fryslân ôf om fee te heljen, mar yn 1953 stoar hy ûnderweis oan in hertoanfal. De soannen setten it buorkjen troch. Franke Dykstra is no bekend om de ynnovaasje dy't er tapast by it bewurkjen fan de grûn. De Nederlanners  hawwe it goed dien yn Carambeí. De tsjinstelling mei de krottewiken, dy't je rûnom yn Brazilië noch sjogge, is dan ek grut.

Fan 't simmer fierden de emigranten feest. De seis Nederlânske koloanjes yn Brazilië troffen inoar yn in 'seiskamp', spilen histoaryske sênes út it libben fan emigranten nei, setten Hollânske gerjochten op tafel en harken nei de Fryske sjonger Syb van der Ploeg.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)