Fryslân DOK fan 19 augustus 2012

100 jier emigraasje nei Carambeí yn Brazilië diel 1

Omrop Fryslân komt mei in twadielige dokumintêre oer de emigraasje nei Brazilië. Yn 1911, 100 jier ferlyn, emigrearren boeren út 's Gravendeel nei Carambeí yn Brazilië. De boeren fûnen it buorkjen yn Súd-Hollân riskant, omdat de polders dêr faak ûnderstrûpten en de fruchten dan ferlern gienen. Doe't sy hearden dat der yn Brazilië romte en goede grûn wie, namen sy de grutte stap om te emigrearjen. Nei de Twadde Wrâldoarloch kaam der in twadde emigraasjegolf doe't in tal Fryske boeren mear earmslach hawwe woe.

Diel 1

De boeren út 's Gravendeel koenen yn Carambeí in kontrakt ôfslute mei de spoarmaatskippij en waarden nei ferrin fan tiid eigener fan de grûn. Aart Jan de Geus en Jan Verschoor hearden by de earste emigranten. Húshâldings fan tsien bern wienen gjin útsûndering, dat men komt dy nammen ek no noch faak tsjin yn Carambeí. De emigranten begûnen mei in pear kij; no hawwe sy grutte pleatsen mei hûnderten bisten.

Om sjen te litten hoe't de Nederlanners dêr harren libben opboud hawwe, is der in grut iepenloftmuseum kommen, it ‘Parco Historico’, mei húskes fan begjin 1900. Aart Jan de Geus (1914) kin út eigen ûnderfining fertelle fan it hurde wurkjen.

De emigranten begûnen sels ek in skoalle, want ûntwikkeling wie wichtich. Dick de Geus, de eardere direkteur fan it suvelfabryk Batavo, tinkt dat trije saken bepalend west hawwe foar it slagjen fan de emigraasje: de skoalle, de suvelkoöperaasje en de tsjerke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)