Fryslân DOK fan 12 augustus 2012

Skipperje op it Waad

De garnalesektor hat it dreech. De hege ûnkosten en de te lege prizen foar de garnalen meitsje de takomst foar de fiskers ûnwis. De rop, om de fiskers te kompensearjen út it Waadfûns, wurdt hieltyd lûder. Yn Skipperje op it Waad nimt Fryslân DOK de garnalefiskerij ûnder loep.

Skipperje op it Waad giet oer de takomst fan de garnalefiskerij. Utsein de hege ûnkosten en de te lege prizen foar de garnalen, wurde der ynkoarten op it Waad gebieten sletten foar de fiskerij. De fiskers, natuerbeskermers en de oerheid sykje nei oplossings foar de takomst. Wis is dat de fiskers neitinke moatte oer in mear duorsume foarm fan garanalefiskerij. In foarútsjoch nei de takomst mei fiskers en natuerbeskermers.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)