Fryslân DOK fan 29 july 2012

  • Piet Visser

Fryske trompetten yn Litouwen diel 1

Modestas Gorosko is 12 jier. Hy wennet yn in doarpke mei 400 ynwenners flakby Panevezys yn Litouwen. Hy komt út in kânsearm miljeu. Heit hat mei alkoholproblemen te krijen en ek mem is net altyd yn steat him te fersoargjen. Mei tank oan it inisjatyf fan Piet Visser út it Fryske Nij Altena, hat Modestas no sicht op in bettere takomst.

Piet Visser is korpsdirigint. Yn syn oldtimer Opel Ascona rydt er by de basisskoallen yn Fryslân del. Syn passy: jonge minsken entûsjast meitsje foar de doarpskorpsen.

Fyftjin jier ferlyn kaam Visser yn kontakt mei leden fan de eardere Litouske militêre kapel, dy't op syk wienen nei âlde ynstruminten om spylje bliuwe te kinnen. Piet Visser mobilisearre de korpsen yn Fryslân en luts mei in buske fol trompetten, bassen, baritons en oare blaasynstruminten nei Panevezys. Dêr moete hy klarinettist en amtner Kulturele Saken, Remigijus Vilys. De twa waarden freonen foar it libben en hawwe yntusken yn de doarpen om Panevezys hinne sa'n 20 amateurkorpsen oprjochte. Ien dêrfan is it lytse korps dêr’t Modestas yn spilet. It wurdt laat troch Ligita Bileviciene, in sosjaal belutsen muzyklearares, dy't Modestas en oare jonge bern fan de strjitte ôfhelle en yn oanrekking brocht mei de muzyk.

Sûnt de jonge Modestas by it korps spilet, giet it folle better mei him. Hy hinget net mear op strjitte rûn, mar oefenet en spilet de stjerren fan ‘e himel. Hy blykt in natuertalint te wêzen en is al nei trije jier spyljen as bûgelsolist opnommen yn it regiokorps, dat krektlyn noch in show op de nasjonale Litouske televyzje fersoarge.

Omrop Fryslân regisseur Piter Tjeerdsma en kameraman Jan Bensliman folgen Piet Visser by syn wurk yn Litouwen en dat smiet in bysûndere kollaazje op fan muzyk, lânskip en oandwaanlike ferhalen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)