Fryslân DOK fan 22 july 2012

Jou Le Roy de tiid

‘Jou Le Roy de tiid’ is in portret fan keunstner-filosoof Louis le Roy en syn libbenswurk: de Ecokathedraal fan Mildaam. Le Roy waard yn de jierren ‘60 oer de hiele wrâld bekend troch syn revolúsjonêre ideeën oer grienfoarsjenning yn stêden. ‘Helje de natuer werom yn 'e stêd’, wie it boadskip. Mar foaral gjin plantsoenen, gersstroken of túntsjes; dat ferget allinne mar kostber ûnderhâld. De natuer kin it sels better.

Le Roy skreau it boek ‘Natuur uitschakelen, natuur inschakelen’ en krige bynammen as ‘de Billy Graham fan it ûnkrûd’. Mar hy wie ek filosoof, earedoktor en gastdosint oan universiteiten yn hiel Europa. En keunstner, winner fan de oeuvrepriis fan it Fonds voor de Beeldende Kunst en drager fan de sulveren anjer. Hy wie eksposant yn Centre Pompidou yn Parys, mar in oanbieding om in projekt te dwaan foar de Documenta yn Kassel sloech er ôf. Net om it jild, mar om’t er net krije koe wat him sa dierber wie, nammentlik: tiid. Want dat stiet sintraal yn syn wurk.

Louis le Roy waard berne yn 1924, yn Amsterdam. De oarloch brocht er troch yn Deventer. Hy studearre oan de keunstakedemy yn Den Haach en krige yn 1949 in baan as tekenlearaar op It Hearrenfean. Dat wurk die er 30 jier. Undertusken krige er bekendheid fanwege syn opfettings oer tunen en it ynrjochtsjen fan stêden en wenwiken, lykas de Kennedyleane op It Hearrenfean. Dat wrâldferneamde projekt fan Le Roy is yn 2005 wer opknapt. Yn de simmer fan dat jier tekenen de gemeente Hearrenfean en StichtingTIJD fan Le Roy dêroer in unyk kontrakt, dêr’t yn ôfpraat is dat it projekt yn alle gefallen 100 jier trochgean mei.

De ideeën fan Le Roy, om mei pún grienfoarsjennings oan te lizzen dy't troch de natuer sels ûnderhâlden wurde, sprekt bestjoerders wol oan want it is in stik goedkeaper as tradisjoneel túnkjen. Ek yn Ljouwert, Grins, Brussel, Berlyn en Parys waard Le Roy frege om plannen te ûntwikkeljen, wêrby’t de bewenners sels bepale meie wat sy wolle.

Om folslein ûnôfhinklik fan oerheden wurkje te kinnen, skafte Le Roy twa hektare greidelân oan yn Mildaam, mei lâns de râne in strookje bosk. Dat neamde er de Ecokathedraal. Dat moast net sjoen wurde as in gebou of in tún, mar as in proses dat ûneinich trochgiet yn tiid en romte.

Louis le Roy ferstoar op 15 july 2012 op 87-jierrige leeftiid.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)