Fryslân DOK fan 15 july 2012

‘BOOM!!!’ It geheim fan Jan ten Boom

It grutte publyk sil him net kinne, mar yn de popscene is er in belangrike spiler: Jan ten Boom fan De Jouwer. Al 30 jier boeker fan bands út foaral it alternative sirkwy. De Jouster makke furoare mei singer-songwriter Tim Knol. Yn it ferline wurke er mei ynfloedrike bands as The Serenes, Johan en Daryll-Ann. Programmamakkers Timo Brinkman en Janjelle Ringnalda folgen Jan ten Boom seis moanne lang foar Fryslân DOK fan Omrop Fryslân. Thús achter de kompjûter, mar ek yn de konsertsealen en op de festivals.

Foar Jan ten Boom begjint alles in 1981. Freonen hawwe de wave-band De Toylets oprjochtte. Jan kin sels gjin ynstrumint bespylje en dêrom beslute de bandleden dat er de optredens mar regelje moat. It is de start fan in suksesfolle karriêre. Yn it begjin fan de jierren `90 wurdt Jan ten Boom boeker fan The Serenes. In mylpeal foar syn ienmans-bedriuw. The Serenes meitsje namme yn Nederlân en Jan ten Boom spilet dêr in grutte rol yn. Dat hat ta gefolch dat foaral in soad bands fan it platelabel Excelsior, BOOM as boekingsburo nimme. Fan Daryll-Ann, Johan en Caesar yn it ferline, oant Gem, Moss en Tim Knol hjoed-de-dei. Mar ek DJ-acts as Wipneus en Pim, de Loco Loco Discoshow en mashup-band Memphis Maniacs.

‘BOOM!!!’ besiket it geheim fan Jan ten Boom syn wurkwize te efterheljen. Wêrom kieze al dy bands út de Rânestêd dochs foar dy boeker út it hege Noarden? En hoe siket Jan syn bands út? It no en it ferline rinne trochinoar yn de dokumintêre. Jan as begelieder fan Tim Knol op it Skylger Oerol-festival en Jan op stap mei syn âlde maten fan De Toylets yn de Grinzer konsertseal Vera. Yn it programma binne ek in soad muzykfragminten te sjen. Mei as meast bysûndere: net earder útstjoerde bylden fan it ôfskiedskonsert fan Johan in Paradiso.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)