Fryslân DOK fan 24 juny 2012

De hân oan ‘e ploech en de blik foarút diel 2

Fjirtich jier ferlyn kocht Wiepke van de Lageweg syn earste hynder. No is de VDL-stâl út Bears, dêr't ek frou Jannie, alle bern en oanhang yn meiwurkje, wrâldferneamd. Tophynders as Nimmerdor, Indoctro en Jus de Pomme makken it bedriuw grut. VDL-hynders rinne oer de hiele wrâld; fan Kuba oant Ruslân en Sina. En mei Nederlânsk kampioen ’Bubalu’ meitsje sy op ‘e nij kâns op dielname oan de Olympyske Spullen. Programmamakker Piter Tjeerdsma makke in twalûk oer de hynstefamylje út Bears.

Yn diel 2 wurdt Wiepke van de Lageweg folge yn de deistige gong fan saken op it bedriuw. De maitiid is in drokke tiid. Op it dekstasjon wurdt sperma fongen fan 16 hynsten, 76 merjes wurde ynseminearre en yn de eigen klinyk wurdt in hynder operearre. Van de Lageweg sels is ûnderweis en besjocht in fôle fan in fokker yn Surhústerfean. Dêrneist selektearret er jonge hynsten foar Guatamala en giet er nei Holwierde. Dêr traint springruter Jur Vrieling de Nederlânsk kampioen ‘Bubalu’. Dy hynst stiet op de nominaasje foar de Olympyske Spullen dizze simmer yn London.
Foar mear ynformaasje oer VDL sjoch op www.kwpn.nl of www.vdlstud.nl

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)