Fryslân DOK fan 20 novimber 2011

Salang't de wyn fan de wolken waait diel 2

‘Salang’t de wyn fan de wolken waait en gers groeit en de beam bloeit en de sinne opgiet en de wrâld bestiet. Salang sille de Friezen en harren kultuer bestean bliuwe.’It is foarsein troch de midsieuske Asega’s yn de Aldfryske wetsteksten.

Mar hoe stiet it eins mei dy Fryske kultuer? Sechtich jier ferlyn, op 16 novimber 1951, stie it Ljouwerter Saailân fol mei Friezen dy’t opkamen foar har eigen taal en identiteit. Hat dat wat opsmiten? Is de Fryske kultuer 60 jier nei Kneppelfreed de muoite fan de striid noch altyd wurdich? Is dy kultuer sa ryk, libben en ynteressant dat wy gading meitsje kinne nei de earetitel Kulturele Haadstêd 2018? Of hawwe wy it foaral oer folkloare? Komme wy wol fierder as it nostalgysk besjongen fan skûtsjes, âlde pleatsen en keatshelden? Wat binne de útdagings foar keunstners dy’t yn Fryslân wurkje wolle, mar net hingjen bliuwe wolle yn de âlde patroanen fan weemoed en de ferhearliking fan hoe’t it eartiids wie?

Fryslân DOK besiket yn in dokumintêre fan twa dielen antwurden te finen op dit soarte fragen, troch moderne Fryske keunsters tsjinoer minsken te setten dy’t de Fryske kulturele wrâld fan binnen út kenne. ‘Ald’ en ‘nij’ litte harren ljocht op dit ûnderwerp skine, prate mei elkoar en geane ek mei-inoar oan ‘e slach. Nyk de Vries, Tet Rozendal, Remon de Jong, Abe de Vries, Saskia Bak en Goffe Jensma besykje mei-inoar ta in mienskiplik ‘skotskrift’ te kommen, dat de fitaliteit fan de hjoeddeistige Fryske kultuer beskriuwt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)