Fryslân DOK fan 20 maaie 2012

Heech wetter, wettertuorren yn Fryslân

As lyts jonkje siet Henk Greydanus mei syn rêch tsjin de wettertoer fan Akkrum. Hy seach omheech nei de toer, seach de wolken foarby lûken en dreamde dat er boppe-yn in lyts keammerke hie.

Henk Greydanus is altyd fassinearre bleaun troch wettertuorren en mei dat er jierren letter de grutske eigener fan de wettertoer fan Snits waard, kaam syn jongesdream út. Want dêr’t ea it wetter heech boppe Snits ferheven wie om de druk fan it liedingnet te behâlden, is no op fjirtich meter hichte in unyk wurkplak ûntstien en hat er in prachtich útsicht oer de stêd. Ek yn de eardere wettertoer fan Ljouwert, ferboud ta apparteminten, genietsje de bewenners fan harren eigen unike útsicht op de stêd. Sy fertelle hoe’t it is om yn in wettertoer te wenjen.

De dokumintêre fan programmamakker Pim Zwier makket in reis lâns de Fryske wettertuorren. Sommige tuorren hawwe yntusken harren funksje ferlern en binne ferboud ta kantoar of wenromte, oare tuorren binne noch wol yn gebrûk. In filmysk portret fan alle wettertuorren yn Fryslân mei in haadrol foar de wettertoer fan Snits.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)