Fryslân DOK fan 18 maart 2012

Louiza Saitova

Louiza Saitova ûntflechte yn 2003 mei har man en dochterke it troch oarloch teistere Tsjetsjenië. Nei in lange, gefaarlike reis – oerlevere oan minskesmokkelers - kamen sy by tafal yn Nederlân. Yn it Fryske Wâldsein fûn Louiza in nije takomst as muzykdosint, koardirgint en teaterartyst. De dokumintêre ‘Ik wol it witte litte’ wurdt op snein 18 maart útstjoerd op Omrop Fryslân Televyzje en Nederlân 2.

Muzyk wie altyd al de grutte passy fan Louiza Saitova. Sy studearre koardireksje oan it konservatoarium. Nei de dramatyske flecht nei Nederlân ta, rekke de muzyk op de eftergrûn. Nei in optreden foar de groep fan har Nederlânske taalkursus, krige sy de smaak wer te pakken. Yntusken kin Louiza wer fan de muzyk bestean. Yn 2010 wûn sy mei har liet ‘Rêden troch de muzyk’ de publykspriis fan it Fryske sjongfestival ‘Liet’. Dêrneist waard sy dit jier ambassadrise foar Vluchtelingenwerk Noord Nederland. Mei har muzikale sprekbeurten sammelt sy jild yn en stipet sa in fuotbalploech fan jonge Tsjetsjeenske oarlochsslachtoffers.

Programmamakker Piter Tjeerdsma fan Omrop Fryslân folge de warbere Tsjetsjeenske frou en makke in muzikaal televyzjeportret. Oer hoe't sy troch de muzyk har fertriet ferwurket, omtinken freget foar it ûnrjocht dat har folk oandien wurdt en tagelyk ek in nije takomst yn Fryslân besiket op te bouwen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)