Fryske Undernimming fan it Jier fan 11 april 2013

Hokker bedriuw wurdt de Fryske ûndernimming fan 2013. Yn twa programma's komme de fjouwer nominearre bedriuwen oan bod. Jûn yn de earste ôflevering stean Spruyt en Ecostyle sintraal

- Spruyt Arkenbouw op It Hearrenfean is oprjochte yn 1962 troch Hein en Stien Spruyt. Soan Herman hat no de lieding. Neist de produksje fan arken hat Spruyt ek in eigen skilder- en ynstallaasjebedriuw. Yn totaal wurkje der 50 minsken. Ecostyle yn Appelskea makket sûnt 1967 biologyske produkten foar plant en dier. Oprjochter wie Jan Zwart en yntusken stiet de twadde en tredde generaasje oan it roer. Ecostyle wreidet de lêste jierren út mei festigingen yn België, Denemarken en Eastenryk. De finale fan de Fryske ûndernimming is 23 april 2013 en is live te sjen by Omrop Fryslân.

Je kinne no al in stim útbringe op jo favoryt!
www.verkiezingfrieseonderneming.nl

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)