Fryske muzyk yn Eastenryk fan 2 septimber 2014 18:30

Hjoed folgje wy Harm en Afke Wijnia. Sy komme fan Boalsert en binne foar it earst mei op in busreis. Eartiids fleagen sy de wrâld oer mar om't Harm in beroerte hân hat doarre se net mear fier fuort mei it fleantúch. Dochs ha sy de wille yn it libben net ferlern. Ek mei it tripke nei Salzburg, de stêd fan Mozart, kinne se it net litte en dûnsje sy der op los.

Jaap Louwes en Gurbe Douwstra fertelle wat sy mei klassike muzyk ha en wat de takomstplannen binne. Anneke Douma ferdwaalt yn Salzburg en jout Griet Wiersma dêr de skuld fan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)