Fryske Music Night 100% Frysk! fan 3 jannewaris 2013

Dit jier organisearde MBN foar it earst de ‘Fryske Music Night: 100% Frysk’ yn De Lawei. Teatershows mei fantastyske Fryske artysten. Op 26 oktober 2012 wie it hiele muzikale spektakel yn de Lawei yn Drachten en Omrop Fryslân hat der opnames makke. Dat wie de twadde foarstelling út in rige fan trije, de oare foarstellingen fûnen plak yn de Skâns op De Gerdyk en yn de Harmonie yn Ljouwert.

Jûn diel 2 fan de Fryske Music Night 100% Frysk.
Yn dizze spesjale útstjoering komme artysten as Die Twa, Mirjam Timmer en De Kast foarby. Sy spylje harren grutste hits en sjonge nije lieten. Yn de foarstelling komme ek lieten út de Fryske Top 100 foarby en binne der opfallende gearwurkings tusken artysten en Fryske talinten te sjen.

Ek wurde der hits yn it Frysk oersetten. It is in foarstelling dy’t jo as Fryske muzykleafhawwer net misse meie! De presintaasje fan dizze Fryske Music Night wie yn hannen fan Syb van der Ploeg.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)