Frouljusfuotbal SC Hearrenfean

  • Live sport

Frouljusfuotbal SC Hearrenfean op Omroplive.nl

De earedivyzje foar froulju is wer los en de froulju fan SC Hearrenfean dogge ek wer mei yn de nije kompetysje: de BeNe League. Alle thúswedstriden fan de froulju binne live te folgjen by Omrop Fryslân op de ynternetstjoerder Omroplive.nl.

De BeNe League is op freed 24 augustus, fan start gien. De heechste frouljusfuotbalteams út Nederlân en België dogge dêryn mei en spylje oant de winterstop in kompetysje binnen de eigen lânsgrinzen. De bêste fjouwer ploegen fan beide lannen stride nei de winterstop om it kampioenskip. Freed 31 augustus wie de earste thúswedstriid fan de froulju fan SC Hearrenfean tsjin PEC Zwolle. De wedstriid wie live te folgjen mei kommentaar fan Germ Stenekes en foar de gelegenheid in bysûndere ko-kommentator: advokaat Wim Anker.

De twadde thúswedstriid fan de froulju fan SC Hearrenfean is op freed 28 septimber. De froulju spylje dan tsjin FC Utrecht. De wedstriid is fan 19:30 oere ôf rjochtstreeks te folgjen op Omroplive.nl. Fêste kommentator by de thúswedstriden is Germ Stenekes.

SC Hearrenfean – FC Utrecht

Freed 28 septimber fan 19:30 oere ôf op www.omroplive.nl

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)