Frouljus PC live

  • Live sport

Woansdei is de dei fan de 36e Frouljus PC; de wichtichste keatsparty foar froulju. De troch keatsferiening Nije Kriich organisearre wedstriid wurdt hâlden op de tredde woansdei nei de PC foar de hearen. Omrop Fryslân bringt de Frouljus PC yn Weidum wiidweidich by jo thús. De wedstriiddei is fan 11:00 oere ôf te folgjen op Omrop Fryslân Radio mei live ferslach fan keatskenner Geert van Tuinen en op Omroplive.nl mei live kommentaar fan Roelof de Vries en âld-keatster en njoggenfâldich PC-winneres Géjanna Dijkstra-Buma. De bylden binne fan 13:00 oere ôf ek op Omrop Fryslân Televyzje te sjen (mei radio-lûd). Hokker partoer wint dizze PC en wa folget Fenna Zeinstra op as keninginne?

Tongersdeitejûn is in koarte gearfetting fan de wedstriid te sjen op Omrop Fryslân Televyzje op it plak fan Hea!.

Frouljus PC: woansdei fan 11:00 oere ôf op Omrop Fryslân Radio, Omroplive.nl en fan 13:00 oere ôf ek mei bylden op Omrop Fryslân Televyzje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)