Fol Fjoer fan 11 augustus 2017 18:40

Fereale op fierljeppen
Al mear as tweintich jier spilet ljeppen de haadrol yn syn libben. Fierljepper Thewis Hobma (33) is al fan syn 11de ôf hiele simmers by of op in skâns te finen. In wykeintsje samar fuort sit der dan ek net yn. Mar Thewis fynt de sport sa machtich om te dwaan, en de sfear binnen de ljepwrâld is goed en sportyf. "Op de skâns binne we konkurinten, dêrneist binne we freonen". De learaar oan de Maritieme Academy yn Harns begjint wol mear rekken te hâlden mei it thúsfront fan frou en twa lytse jonkjes. En yntusken heart hy ek al by de âldere generaasje topklassers. Mar: "Myn bêste sprong moat noch komme!"

Diel dit berjocht op:

Fol Fjoer

Fol Fjoer is in nij telefyzjeprogramma fan Omrop Fryslân oer de trije grutste Fryske simmersporten keatsen, skûtsjesilen en fierljeppen.
    Radio iconUtstjoering: Freed 18 augustus om 18.40 oere
(advertinsje)