FK fierljeppen fan 11 augustus 2012

De spanning op it FK fierljeppen yn Winsum siet sneon by de senioaren en de froulju. Thewis Hobma sprong as earste oer de 20 meter (20.09). Bart Helmholt gie der oerhinne mei 20.17 meter. Dat wie foar Helmholt genôch om syn fyfde titel binnen te heljen. By de froulju wie de 15.58 fan Hilianne van der Wal de fierste ôfstân. Klaske Nauta ljepte trije sintimeter minder fier. Tom Hoekstra waard mei 17.53 kampioen by de jonges. By de junioaren wie Hans Ulco de Boer mei 18.19 fierwei de bêste.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)