Fertel mar fan 6 jannewaris 2012

De moaiste en leukste petearkes dy't Feije van der Meer efter de skermen mei bern hie. Dit yn kombinaasje mei de moaiste ferskes út Tomketiid leveret twa jûnen prachtige en somtiden oandwaanlike tillevyzje op. Foar it programma Tomketiid meie de bern út de jongste groepen rymkes opsizze foar de kamera.
Om de bern wat oan de kamera en it ljocht en de mikrofoan wenne te litten (is foar sokke lytse bern hiel yndrukwekkend fansels) praat programma-makker Feije van der Meer earst wat mei harren. Se prate oer fan alles wat harren dwaande hâldt. Fan switfuotten oant en mei kavia 's en fan skeetsjes oant en mei de dea en fan it Frysk oant en mei relaasjes. Der komt fan alles foarby.

Dit is somtiden sa oandwaanlik dat er besletten is om dêr ek in tillevyzje programma fan te meitsjen. It waarden sels 2 programma 's fan in heal oere! Prachtige ferhalen ôfwiksele mei de moaiste ferskes út Tomketiid. Dit jier is Feije yn Droegeham, yn Gorredyk en yn de mûnein west om opname's te meitsjen. Se binne sa puur en echt en yn dit programma draait it allinich om de bern.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)