Ferkiezings fan 4 maart 2014 19:01

Debatten rjochstreeks op Omroplive.nl te folgjen,
Op 19 maart mei in grut part fan Fryslân wer nei de stimbus foar de gemeenteriedsferkiezings. Yn de oanrin nei dizze ferkiezings organisearje Omrop Fryslân, de Ljouwerter Krante en it Frysk Deiblêd trije debatten op 4, 11 en 18 maart fan 19.00 oant 20.00 oere.

De debatten steane ûnder lieding fan Andries Bakker (ferslachjouwer Omrop Fryslân), Patrick van 't Haar (FD) en Atze Jan de Vries (ferslachjouwer LC) en wurde streekrjocht útstjoerd op Omrop Fryslân Radio en binne ek te sjen op www.omropfryslan.nl. De presintaasje is yn hannen fan René Koster (Omrop Fryslân). Lokaasje is it atrium fan de Ljouwerter Krante oan de Sixmastrjitte yn Ljouwert. Underwerpen dy't oan de oarder komme, binne ûnder oare de kwaliteit fan de riedsleden, de rol fan it Frysk, de weryndieling en de desintralisaasje fan de soarch en de jeugdhulp.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)