Eneco tour fan 19 septimber 2016 14:00

Omrop Fryslân stjoert moandei 19 septimber streekrjocht de earste etappe fan de Eneco Tour út. De rit begjint en einiget yn Boalsert en giet oer 184,7 kilometer. De Fryske stêd is foar it twadde opienfolgjende jier it toaniel fan it begjin fan de Eneco Tour. Dit kear sil de etappe sân Fryske stêden oandwaan: Warkum, Hylpen, Starum, Sleat, Drylts, Snits en fansels Boalsert. De Eneco Tour is in belangrike tariedinsgkoers foar it WK yn Katar, yn oktober. Yn it peloton in soad toppers: wrâldkampioen Peter Sagan, Olympysk kampioen Greg van Avermaet, Marcel Kittel, Tom Boonen en Tom Dumoulin. Ek Pieter Weening docht mei.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)