Ekstra Sport op de radio tiisdei 30 july 2013

  • Spiler wurdt laden

Profronde Surhústerfean

Tiisdei fan 11:00 oere ôf dogge wy op Omrop Fryslân Radio ferslach fan de hurdfytsdei yn Surhústerfean en alles dêr om hinne. Wy sjogge ûnder oaren by de tariedings. Om 13:00 oere begjinne de froulju mei har kritearium. Koos Wieling docht ferslach fan de wedstriden en Oetze Deelstra is yn it doarp op ‘en paad.

Jûns fan 19:00 oere ôf is der in ekstra sportprogramma op Omrop Fryslân Radio mei ferslach fan de 32e profronde. Wy folgje it hurdfytsen mei Tour de France-winner Chris Froome, mei Bauke Mollema, Laurens ten Dam, Lieuwe Westra en al dy oare toppers. Mar wy slaan ek om op it eareterras en op de Kolk by it publyk. It ferslach is yn hannen fan Koos Wieling en Sjoerd Marten Vrieswijk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)