Ekstra Sport op de radio fan 2013-05-03T19:00:00

  • Spiler wurdt laden

Fuotbalklup SC Cambuur kin jûn kampioen wurde yn de Jupiler League. De striid om it kampioenskip krijt in spannende ûntknoping, want mei noch mar ien spylronde te gean, binne der twa klups dy't nei it kampioenskip stribje: koprinner FC Volendam en SC Cambuur. Op Omrop Fryslân Radio is de kampioensstriid live te folgjen yn in ekstra sportútstjoering fan 19:00 oere ôf. Mei live ferslach fan de wedstriid tusken Excelsior en Cambuur en ferslach fan de wedstriid tusken Go Ahead Eagles en Volendam.

Harkje nei it live-ferslach fan Excelsior-Cambuur (twadde helte)

Harkje nei it live-ferslach fan Excelsior-Cambuur (twadde helte), mei fansels ek omtinken foar Go Ahead Eagles tsjin Volendam en entûsjaste reaksjes nei ôfrin fan de wedstriid.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)