Een kind ons geboren fan 25 desimber 2012

  • Een kind ons geboren

De Kast en Friends bringe in sfearvol krystkonsert mei sawol Frysk as Nederlânsk repertoire. Sjong mei, mei de bekendste band fan Fryslân en meitsje fan dizze earste krystdei echt wat bysûnders: belibje in Fryske krysttiid.

Stille nacht, Hillige Nacht
Foar Syb hat krystjûn wat spesjaals. Kryst is dé perioade dat minsken byelkoar komme en leafde en waarmte foar elkoar fiele. "Ik fyn it moai om dat op muzikale wize ta utering komme te litten by ús krystkonsert."

Njonken de Kast binne eardere leden fan it Frysk Jeugd Orkest mei fertsjinwurdige yn it Frysk Promenade Orkest én bern fan it Bogerman Popkoor út Snits. En der is in bysûndere rol weilein foar de talintfolle Fries Epke Zonderland. Hy waard dit jier Olympysk kampioen op it ûnderdiel rekstôk. Syb en Epke sjogge fanút de turnhal op It Hearrenfean werom op dit bysûndere jier.

Hiel Fryslân fiert mei
Kryst yn Fryslân spilet him net allinnich ôf yn de Bonifatiustsjerke, mar ek op ferskate plakken yn Fryslân sjogge wy hoe't krysttiid fierd wurdt. Yn it sikehûs, by de foedselbank en op strjitte. De presintaasje is yn hannen fan Wilfred Kemp.

uitzendinggemist.nl

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)