DIFDD: Finale fan 7 july 2012

It twadde seizoen fan Doch it foar dyn doarp sit der hast op. It televyzjeprogramma sette op 3 april útein yn Gerkeskleaster-Strobos en fan 3 oant 7 july is Hantum de lêste fan de 14 doarpen dat him op ‘e televyzje sjen lit. Op sneon 7 july is de alderlêste útstjoering en fuortdalik dêrnei barst de grutte finale los. Hokker doarp sil de haadpriis fan € 7.500,- winne foar in goed doel yn it doarp?

De finale fynt plak op it parkearterrein fan it sportfjild yn Hantum. As de lêste útstjoering fan Hantum ôfrûn is, om 17:00 oere, set it feest al útein mei live muzyk op it feestterrein. Fan 18:15 oant 19:00 oere is de live-útstjoering fan de grutte Doch it foar dyn doarp-finale, dy’t ek te sjen is op Omrop Fryslân Televyzje. De fjirtjin dielnimmende doarpen komme sa massaal mooglik nei Hantum ta. Om Hantum oan te moedigjen by de lêste útstjoering, mar fansels benammen om by de finale te wêzen, mei te sjongen, feest te fieren en miskien wol om ien fan de trije jildprizen yn ‘e bûse te stekken.

Yn de finale-útstjoering wurdt der, oan ‘e hân fan filmkes en petearen mei de dielnimmende doarpen, weromsjoen op 14 wiken Doch it foar dyn doarp. Yn it programma ek omtinken foar it nije Doch it foar dyn doarp-talint.

Dit jier binne der foar it earst trije jildprizen: de haadpriis fan € 7.500,-, in twadde priis fan € 5.000.- en in tredde priis fan € 2.500,-. Sneon yn de finale makket de sjuery bekend wat de trije meast kreative ‘tv-doarpen’ fan Fryslân binne. It jild moat bestege wurde oan in doel dêr’t it hiele doarp wat oan hat. De prizen binne ek dit jier wer beskikber steld troch it Oranje Fonds.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)