Derek wurdt diskwalifisearre

    It like sa moai op 31 augustus yn de earste koers fan it nije seizoen op Wolvegea. Derek syn twadde seizoen as draver. Derek krige foar de race de favoriterol taskikt fan de kenners tegearre mei Condor Motion. Condor Motion begûn nei 100 meter al te fjouwerjen en waard diskwalifisearre. En dus hie Derek alle kâns. Mar it rûn oars. Derek like op de winst ôf te stevenjen mar waard op it lêste ein noch foarby stutsen. En fuort nei de race folge ek noch
    diskwalikikaasje omdat pileur Arend de Wrede yn de lêste bocht de sulky oer de baanmarkearings hinne stjoerde.

    Diel dit berjocht op:
    (advertinsje)
    (advertinsje)