Derek rint al wer in nij rekôr

Derek rint op sneon 21 juny nei in tredde plak yn simmerfinale fan de Main Wise As Challenge. In knappe prestaasje yn al wer in nij persoanlik rekôr fan 1.15.2 oer de kilometer. Pikeur en trainer Arend de Wrede fertelt dat syn bêste hynder ea, Udo Quick, nea hurder rûn hat as 1.15.7. Mei dat hynder wûn hy yn de jierren tachtich in lytse 400.000 gûne en rûn hy mei yn de ferneamde Prix d'Amerique yn Parys. De tredde priis smyt 600 Euro op. En dat is fansels moai meinaam. Derek stiet no op in winsom fan 3030 Euro.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)