Deitelevyzje fan 2013-05-19T12:00:00

    Op Pinkstermoandei, dit jier op 20 maaie, wurdt neffens tradysje alle jierren de Fryske Fytsalvestêdetocht holden. Tûzenen toerfytsers sille dan, yn de 240 kilometer lange tocht, by de alve Fryske stêden del. Harkers en sjoggers fan de Omrop hoege neat te missen fan de tocht, want dy is live te folgjen by Omrop Fryslân. Mei de hiele dei ferslach op ‘e radio en de hiele middei op Omroplive.nl en Omrop Fryslân Televyzje.

    Ferslachjouwer Femke de Walle is op ‘en paad foar Omrop Fryslân Radio om ferslach te dwaan fan it fytsevenemint. Sy praat mei de fytsers, sjocht by de stimpelposten en freget reaksjes fan it publyk. Har ferslaggen binne ek te hearren op Omroplive.nl. Op ‘e radio wurde boppedat fersykplaten draaid fan de frijwilligers fan de tocht dy’t de organisaasje fan de Friese Elfsteden Rijwieltocht yntsjinne hat.
    Op Omrop Fryslân Televyzje en Omroplive.nl binne fan 13:00 oant 17:00 oere live bylden te sjen fan de fytsers by de stimpelpost yn Sleat. De dielnimmers kinne dan efkes nei it thúsfront swaaie. De Omrop is fansels ek by de finish yn Boalsert.

    Minsken kinne op Pinkstermoandei sms’e en twitterje nei de Omrop. De ynstjoerde berjochten komme middeis foarby op televyzje. Smse kin nei 06-20499199 en twitterje kin mei de ‘hashtag’ #fyts11. Jûns yn Hjoed is der wiidweidich omtinken foar it evenemint mei in ferslach fan de dei.
    Fytsalvestêdetocht op moandei 20 maaie 2013:

    Omroplive.nl : fan 13:00 oant 17:00 oere op www.omroplive.nl

    Televyzje : fan 13:00 oant 17:00 oere op Omrop Fryslân Televyzje
    Radio : fan 08:00 oant 18:00 oere op Omrop Fryslân Radio, 92.2FM

    Hjoed : fan 17:00 oere ôf alle oeren op Omrop Fryslân Televyzje

    Diel dit berjocht op:
    (advertinsje)
    (advertinsje)