In dei op it wetter fan 15 maart 2015 08:00

De programma's komme út ús mobile studio wei, dy't op 'e dyk by it Woudagemaal op 'e Lemmer stiet. Alles stiet yn it ramt fan wetter. Mei gasten yn de studio en ferslachjouwers op 'en paad geane we troch de provinsje by slûzen, diken, wettersuvering en it Waad del. Ek komme der nijsgjirrige gasten oan tafel, binne der speed-dates mei de listlûkers fan de wetterskipsferkiezings en in diskusje yn Buro de Vries oer Fryske wettersaken. De wetter-dreamen fan Friezen kinne de hiele dei fia sojal media opstjoerd wurde.

In dei op it wetter, snein 15 maart fan 08:00 oant 18:00 oere live op Omrop Fryslân radio en telefyzje en Omroplive.nl

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)