De Rjochtsaak fan 10 novimber 2011

It is koart nei njoggen oere moarns op in tsjustere dei yn novimber. De eigeneresse fan in sigarettewinkel iepent de doar. Dan giet de winkeldoar iepen dan wrotte twa oerfallers mei bivakmûtsen de winkel binnen en bedriigje de frou mei in fjoerwapen. Se wurdt twongen it jild út de kassa te heljen en yn tassen te stopjen. Nei't de mannen de bút binnen hawwe, flechtsje se de winkel út, de frou hielendal oerstjoer efterlittend.
Is is al de tredde kear dat dizze winkeleigeneresse oerfallen wurdt. Emosjoneel kin se it net mear oan en tinkt der oer nei om de winkel definityf te sluten.
De fertochten binne oanhâlden. Hoe giet it no fierder?
Wat sil de offisier easkje, wat giet de rjochter as straf oplizzen, wat is it ferhaal fan de fertochte en sil it slachtoffer gebrûk meitsje fan har sprekrjocht?

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)