De Open Nederlandse Fanfare Kampioenschappen

  • De Jouster Fanfare op it poadium fan de Drachster Lawei

De Open Nederlandse Fanfare Kampioenschappen (ONFK) binne op freed 17 april en sneon 18 april live te folgjen op ynternet. It kampioenskip foar fanfareorkesten út hiel Nederlân wurdt útstjoerd op Omroplive.nl.

De ONFK op 17 en 18 april wurde organisearre troch de Stichting Frysk Fanfare Festival en wurde hâlden yn De Lawei yn Drachten. Sa’n 35 orkesten, wêrûnder ferskate Fryske fanfares, dogge mei yn fiif divyzjes. Omrop Fryslân stjoert de kampioenskippen live út op Omroplive.nl op freed 17 april fan 17.00 oant 23.00 oere en sneon 18 april fan 09.30 oant 24.00 oere. Mear ynformaasje oer de dielnimmers en de wurken dy’t spile wurde, is te finen op www.onfk.nl. Omrop Fryslân makket ek opnamen dy’t letter te hearren binne op it Koperkanaal, www.koperkanaal.nl, de online radiostjoerder fan Omrop Fryslân foar leafhawwers fan muzyk fan harmony, fanfare en brassbands.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)