De Oertocht fan 13 septimber 2017 18:45

Wy binne dizze wike op ‘e pier fan Holwert dêr't 80 oldtimers de oertocht meitsje moatte foar in Oldtimer spektakel op It Amelân. Alle auto’s binne fan foar 1940 en it slagget noch mar krekt om alle auto’s op it skip te krijen. Want trije kertier letter is it mis yn de haven fan Nes. De autobrêge is stikken, dat is noch nea earder bard en oanlieding foar ekstreme maatregelen.

Diel dit berjocht op:

De Oertocht

Yn De Oertocht sil Omrop Fryslân op syk nei de ferhalen op en efter de fearboat fan It Amelân en Skiermûntseach. Wêr geane de passazjiers hinne en hoe sjocht in wurkdei fan bygelyks de kapitein derút?
    Radio iconUtstjoering: Alle woansdeis om 18.45 oere
(advertinsje)