De middei fan Fryslân fan 9 febrewaris 2016 13:00

  • Spiler wurdt laden

Tjerkje Hofstra hat fan in Facebook-freon út Japan in hiel moai berneboekje krigen. Mar it boekje is fansels yn it Japansk. En dat kin Tjerkje net lêze. Dêrom siket sy immen dy't har helpe kin by it oersetten fan de Japanske tekst yn it Nederlânsk. Wa kin har helpe? 

We belje mei frou Van Dijk út Tytsjerk. Se hat noch in âlde pet fan de FRAM, de Friese Autobus Maatschappij, fûn. Dy pet hie har man eartiids altyd op. De pet komt út de jierren '60. Mar frou Van Dijk docht der neat mear mei. Wa hat belang by dizze pet?

Theo Ruis is net allinnich blommeferkeaper mar ek lid fan karnavalsferiening De Oeletoeters út Snits. En, echt wier, hy is syn steek kwytrekke. Hy hie him sneontemiddei nei de optocht efkes yn syn bus lein omdat hy de lêste blommen ferkeapje en opromje moast. Mar nei it lossen fan de bus wie de steek ferdwûn. Nei alle gedachten hat immen him meinaam. Theo Ruis wol him graach werom ha. Hy hat him krigen doe't hy sels prins karnaval wie yn 1993. Syn namme stiet der ek op, dus gjinien hat der wat oan.

Marco Heerschop fan SC Hearrenfean TV hat in dokumintêre makke oer SC Hearrenfeantrainer Foppe de Haan. Dizze dokumintêre FOPPE giet jûn in premjêre by Fox Sports om 22.00 oere. Yn de wrâld fan fuotbaltrainers is it dochs wol frjemd dat in 70-jierrige noch op it fjild stiet as trainer. Foppe de Haan is in útsûndering. Mar wat driuwt Foppe eins om dochs wer foar de groep te stean? Marco Heerschop bringt it hjoeddeistige trainen fan Foppe yn byld mar sjocht ek nei it ferline. Dit jout prachtige bylden en ynterviews mei ûnder oaren Ruud van Nistelrooij, Riemer van der Velde, Gerald Sibon, Kees 't Hart en Evert ten Napel.

Tjerkje Hofstra en Gerrit Schaaf

Theo Ruis fan de Oeletoeters Snits

Marco Heerschop oer dokumintêre FOPPE

Ronald van der Pol fan de Onlineredaksje

13:07 - Soulsister - The Way To Your Heart
13:13 - Matt Simons - Catch And Release
13:21 - Grytz & Grize (Ft. Alisa) - Samar Wie't Oer
13:26 - Donna Summer - Mac Arthur Park
13:33 - Swing Out Sister - Am I The Same Girl
13:40 - Toontje Lager - Net Als In De Film
13:49 - Coldplay - A Sky Full Of Stars
14:05 - Warm Sounds - Birds And Bees
14:10 - Tina Turner - Typical Male
14:20 - June Lodge - Someone Loves You Honey
14:24 - Zara Larsson - Never Forget You
14:32 - Alain Clark - Blow Me Away
14:35 - Pretenders - I'll Stand By You
14:45 - Omi - Hula Hoop
15:05 - Bluebells - Young At Heart
15:13 - Anita Meyer - Blame It On Love
15:24 - Sam Hunt - Take Your Time
15:31 - Flash & The Pan - Hey, St. Peter
15:42 - Doobie Brothers - What A Fool Believes
15:52 - Andre Hazes - Ga

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)