De middei fan Fryslân fan 8 maart 2016 13:00

  • Spiler wurdt laden

Ine Ackermans út Hillegom siket minsken dy't har fertelle kinne oer har heit en mem. Ein jannewaris 1945 flechte de famylje Ackermans út Hoenzadriel nei Ljouwert. Ine wie 5 jier doe't se hjir as lyts famke oankaam op it stasjon. Mei har fiif broerkes en suskes rûnen se earst nei Utrecht en koene fan dêr ôf mei in feewagon nei Ljouwert. De bern waarden by fjouwer gesinnen yn Boalsert ûnderbrocht, mar Ine wit der net mear sa folle fan. Dêrom siket se minsken dy't har mear fertelle kinne oer har famylje en benammen oer har heit en mem. Witte jo wat oer de famyljeskiednis fan de Ackermans? Lit it ús witte! Belje mei 058 212 36 18 of sms of app nei 06 20 499 199.

Wy belje efkes mei Geert Lageveen. Geert is regisseur fan de musical Willem Ruis. Dizze musical foel koartlyn yn de prizen en waard ûnder oare winner fan de Musical Award foar it Beste Script. Moarn stiet de musical op de planken yn Drachten, foar Geert in thúswedstriid want hy komt út Drachten.

Anne Dykstra en Anne Tjerk Popkema ha ein novimber in oprop dien om sportpoëzy yn te stjoeren. Se wolle in bondel mei Fryske sportpoëzy gearstalle. Se ha oant no ta 60 ynstjoeringen krigen, mar se wolle eins minimaal 100 hawwe. Derom dogge se hjoed by ús nochris in oprop. Witte jo in lofdicht op in Fryske sportheld of ha jo sels wat makke, stjoer it dan nei info@taalburopopkema.nl Dit mei yn it Frysk mar ek yn it Nederlânsk of in oare taal.

Reaksje 1 op fraach Ina Ackermans: Frans Prins

Reaksje 2 op fraach Ina Ackermans: Frou Sangers

Geert Lageveen oer de musical Willem Ruis

Anne Dykstra oer Fryske sportpoëzy

Lars Hoekstra fan de online-redaksje

13:08 - Narada Michael Walden - Gimme Gimme Gimme
13:13 - Sam Hunt - Take Your Time
13:24 - Agnes Sambrink - Loosen The Reins
13:31 - Boyzone - Picture Of You
13:40 - Dr. Hook - When You're In Love...
13:49 - Common Linnets - In Your Eyes
14:06 - Dave Clark Five - You Got What It Takes
14:11 - Boys Town Gang - Signed, Sealed Delivered (I`M Yours)
14:24 - Police - Every Little Thing She Does Is Magic
14:32 - Robbie Williams - Tripping
14:43 - Coldplay - Adventure Of A Lifetime
15:06 - Wet Wet Wet - Love Is All Around
15:12 - Roxy Music - More Than This
15:23 - X-Ambassadors - Renegades
15:27 - De Kast - Vroege Vogel
15:32 - Mr. Big - Romeo
15:39 - Diana Ross - Upside Down
15:46 - Nits - J.O.S. Days
15:51 - Chris De Burgh - The Lady In Red

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)