De middei fan Fryslân fan 7 maart 2016 13:00

  • Spiler wurdt laden

Geert begjint de middei mei Ids Hellinga, de nije PC-foarsitter. Hellinga is direkteur by it Koninklijk Friesch Paarden Stamboek. Hy kiest no dus foar in hiele oare tak fan sport. Is Hellinga sels in fanatyk keatser en hat er grutte plannen mei de keatswrâld? Geert freget it him tusken 13.00 en 14.00 oere.

Marije, Eelkje en Lisa binne ús freonen fan de show. De trije froulju binne treddejiers ferpleechkundestudinten oan de NHL en hawwe nei Simbabwe west foar in medysk projekt. Wy ha de froulju alris earder te gast hân en doe fertelden se wat krekt de bedoeling wie. Mar hoe is it gong? Ha se dwaan kinnen wat de planning wie? En hat it lân en de minsken yndruk makke op de Fryske froulju?

En wy ha wer kontakt mei Marye Dijkstra yn Bolivia. Marye is mei har projekt Performing Life nominearre foar de VOORbeeld-verkiezing. Se meitsje kâns op in bedrach fan 25.735 euro. Fan 15 maart ôf kin der stimd wurde op www.voor.nl/voorbeeld-projecten. Marye hat boppedat sels ek noch goed nijs, want oer twa moannen ferwachtet se in poppe.

En kollega Lars Hoekstra fan de Online Redaksje komt om ús te fertellen wat him opfallen is yn de online wrâld.

Ids Hellinga wie te gast by De middei fan Fryslân

Marije, Eelkje en Lisa fan it medysk projekt Simbabwe

Marije Dijkstra yn Bolivia

Lars Hoekstra fan de Online Redaksje

13:09 - Human League - Don't You Want Me
13:14 - Melanie - Lay Down
13:33 - Hanson - Mmmbop

14:05 - Martha Reeves & The Vandellas - Dancing In The Street
14:11 - Reo Speedwagon - Keep On Loving You
14:21 - Foreigner - Cold As Ice
14:25 - Dua Lipa - Be The One
14:32 - Vanvelzen - When Summer Ends
14:36 - Sheryl Crow - All I Wanna Do
14:51 - Bananarama - Venus

15:06 - Right Said Fred - Don't Talk Just Kiss
15:10 - Roachford - Cuddly Toy
15:22 - Shawn Mendes - Stitches
15:26 - David Bowie - Let's Dance
15:33 - Gilbert O'sullivan - Get Down
15:42 - Piter Wilkens - Bakker De Bakstien
15:50 - Kayak - Ruthless Queen

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)