De middei fan Fryslân fan 5 july 2016 13:00

  • Spiler wurdt laden
  • Femke de Walle

Jeltsje van Els fan sjongkoar Vocaal Ensemble Leeuwarden

Sjongkoar Vocaal Ensemble Ljouwert, foarhinne de Ljouwerter Kantorij bestiet dit jier 50 jier. Yn it ramt dêrfan wolle se graach in reüny organisearje op harren jubileumkonsert op 30 oktober. Dat duorret dus noch wol efkes. Mar yntusken is de organisaasje al drok dwaande om âld-leden te finen en út te nûgjen foar dizze reüny. Dat slagget lykwols noch net sa goed. Der hat him noch mar ien âld-lid opjûn. Dus tiid om in opropke te dwaan yn Omrop Help. Wa hat ea by de Ljouwerter Kantorij song? Opjaan kin fia info@vocaalensemble-leeuwarden.nl en foar mear ynformaasje sjoch www.vocaalensemble-leeuwarden.nl

Jantine Weidenaar, ús fuotbalkenner

Us fuotbalkenner Jantine Weidenaar skoot wer efkes oan om te fertellen wat har analyze fan dit wykein is. Steane de bêste fjouwer yn de heale finale? Hoe stiet it mei de tariedings?

Milou van Dobben en Marijn van Leeuwen oer de crowdfundingaksje foar harren film

Op 1 juny hiene wy Milou van Dobben en Marijn van Leeuwen yn de studio. Sy ha fia CineCrowd meidien oan in crowdfundingaksje om jild op te heljen foar de film 'Wat voelt als thuis'. Dizze film hat alles te krijen mei Fryslân. En goed nijs: want der is genôch jild binnen helle. No't it jild binnen is, kinne de opnamen begjinne, soest sizze. Maaaar, se sykje noch pleatslike toanielselskippen en skoalbern om mei te spyljen yn harren film. Fia watvoeltalsthuis@gmail.com kinst dy oanmelde. Wolst gewoan efkes wat mear oer de film en de makkers witte, dan kinst ek altyd sjen op https://www.facebook.com/watvoeltalsthuis

Gerda Woltering oer de Nijmeegse Vierdaagse

Gerda Woltering, ús kantinefrou, rint de Nijmeegse Vierdaagse foar de fjirde kear. Se is ien fan al dy Friezen dy't dizze kuiertocht meirinne. En ek foar de fjirde kear ferfeelt dat noch net. It is in soarte fan ferslaving. Mar werom is dit no dan sa aardich om te dwaan?

Lars Hoekstra fan de online-redaksje

13:08 - George Harrison - Got My Mind Set On You
13:13 - Kygo (Ft. Kodaline) - Raging
13:17 - Jack Bottleneck - No Way
13:25 - Whitney Houston - My Love Is Your Love
13:32 - Kool & The Gang - Celebration
13:36 - Travis - Magnificent Time
13:46 - De Jeugd Van Tegenwoordig - Sterrenstof
13:50 - Pharrell Williams - Happy
13:54 - Ilse Delange - I'm Not So Tough

14:06 - Stevie Wonder - I Was Made To Love Her
14:10 - Chaka Kahn - Ain't Nobody
14:21 - Tina Turner - Private Dancer
14:21 - Bon Jovi - You Give Love A Bad Name
14:25 - Milow - Howling At The Moon
14:32 - Madonna - American Pie
14:36 - Gaatze Bosma - Earste Trein Nei Starum
14:44 - Little Steven - Forever
14:47 - George Ezra - Budapest
14:51 - Khaled - Aicha
14:55 - Henry Gross - Shannon

15:06 - Toto - Don't Chain My Heart
15:12 - Spagna - Call Me
15:22 - Alvaro Soler - Sofia
15:26 - Gloria Gaynor - I Will Survive
15:32 - Magic - Rude
15:35 - Helder - Steapelgek Op Dy
15:45 - Starship - We Built This City
15:50 - Mika - Lollipop

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)