De middei fan Fryslân fan 4 novimber 2015 13:00

Geert van Tuinen fleant der hjoed út nei it twallingdoarp Sint-Jânsgea en Rotsterhaule. Ha jo nijsgjirrich nijs oer dizze beide doarpen? Lit it ús witte! Sjoer in mail nei dmff@omropfryslan.nl of belje mei 058 299 7880. Maile of appe kin ek nei 06 20 499 199.

Wy belje efkes mei Lotte Bungaard Sommer út Denemarken. Lotte is Deense mar hat in skoft in Nederlân wenne. Hjirtroch hat se Nederlânske en Fryske freonen. Har 12-jierrich soantsje soe mei syn klasse meidwaan oan in útwikselingsprogramma mei in skoalle yn Dútslân. Dit is ôfsein troch de Dútske skoalle. En dat wie fansels in grutte teleurstelling foar de bern út Denemarken. Doe tocht Lotte oan al har Nederlânske kunde en pleatste in oprop op har facebookside wêryn't se de situaasje útlei. Sy siket no dus in Nederlânske of Fryske skoalle dy't in útwikselingsprogramma oan gean wol mei de Deenske skoalle.

Gasten fan de Ronald McDonald Hoeve yn Beetstersweach kinne fan freed ôf in spesjaal filmarranzjemint boeke by De Bios yn Drachten. Yn in lyts selsskip kinne se in film sjen yn de bioskoop, op in tiidstip dat harren goed útkomt. De Bios wol sa temjitte komme oan de winsk fan in soad gasten fan De Ronald McDonald Hoeve, dêr't lichaamlike of mearfâldige beheinde of earnstich sike bern en harren famylje fakânsje fiere kinne. Marc Stallinga is fan de Ronald McDonald Hoeve en kin ús alles fertelle oer dit bysûndere projekt.

Lotte Bungaard siket in Fryske skoalle

Marc Stallinga fan de Ronald McDonald Hoeve

Geert stiet foar in tichte kroech yn Sint Jut

Geert is by argivaris Jan Waslander

Geert by it muzykmuseum fan Lammert Mink

Geert skoot oan tafel yn kafee Rus An

Geert sjocht op it fjild fan fuotbalklup DWP

Geert by soleksleafhawwer Henk Ruiter

13:10 - Matia Bazar - Ti Sento
13:17 - Chicago - Saturday In The Park
13:27 - James Morrison - Demons
13:35 - Novastar - Wrong
13:45 - Diggy Dex (Ft. Jw Roy) - Treur Niet (Ode Aan Het Leven)

14:07 - Sam & Dave - Soulman
14:13 - Toto - Pamela
14:26 - Britney Spears - Baby One More Time
14:32 - Kylie Minogue - Can't Get You Out Of My Head
14:43 - Griet Wiersma - Waldsang
14:44 - Adri De Boer - Foar Al Myn Maten
14:52 - Icehouse - Crazy

15:07 - Jennifer Paige - Crush
15:13 - Marvin Gaye - Sexual Healing
15:27 - Iris Kroes - Thus
15:35 - Kiki Dee - I've Got The Music In Me
15:44 - Jon Anderson - Hold On To Love
15:52 - Prince - 1999

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)