De middei fan Fryslân fan 4 july 2016 13:00

Oer dizze útstjoering is gjin spesifike ynformaasje beskikber. Klik hjir foar programma-ynformaasje

Wietske van der Plaats siket in passazjier út Snits

Op de webside fan it Sneeker Nieuwsblad stie dit wykein wol in hiel bysûndere oprop. Wietske van der Plaats út Ljouwert is bussjauffeuze en krijt alle dagen fansels hûnderten minsken yn de bus. Mar ien foel har in pear jier lyn ekstra op. It giet om in man út Snits dy't oant 2011 alle sneinen meiried nei Wieringerwerf, dêr't er syn eigen bedriuw hie. Dat jier hold er op mei wurkjen en op syn lêste dei joech er Wietske as betankje in hân. En doe barde der wat, in fonkje? Mar Wietske hat de man noait wer sjoen. Dus sille wy op syk nei dizze mystery passazjier. Wa wit oer hokker Snitser man dit giet?

Jantine Weidenaar oer it EK fuotbal

Kollega Jantine Weidenaar skoot wer by ús oan yn de studio om te fertellen wat har dit wykein opfallen is by it EK fuotbal. En fansels mei de penaltyrige yn de wedstriid Dútslân-Italië net ûntbrekke yn har analyze.

Geart Tigchelaar op 'e fyts

Wy ha wer kontakt mei fytser Geart Tigchelaar. Twa wike lyn wie er yn Finlân, mar hy hope sa gau mooglik wat waarmere plakken op te sykjen. Wêr fytst er op dit stuit om? En hat er noch bysûndere saken meimakke?

Anke Geertsma fiert Independence Day yn New York

It is hjoed 4 july en dat betsjut grut feest yn Amearika. Dêr fiere se hjoed Independence Day. Wat der dan krekt fierd wurdt? Wy freegje it oan Anke Geertsma dy't yn New York wennet.

Lars Hoekstra fan de Online redaksje

Lars Hoekstra fan de Online redaksje skoot wer efkes oan om te fertellen wat him opfallen is yn de online wrâld op it ynternet.

13:07 - Belinda Carlisle - Heaven Is A Place On Earth
13:13 - Douwe Bob - Slow Down (Live, Heale Finale Esf 2016)
13:16 - Brandewyn - Boogy Woogy Myntsje
13:24 - Take That - Back For Good
13:32 - Santana - Well All Right
13:36 - Sara Hartman - Satellite
13:46 - Skik - Hoe Kan Dat Nou?
13:50 - Justin Bieber - Sorry
13:53 - Texas - Say What You Want

14:04 - Creedence Clearwater Revival - Proud Mary
14:10 - Nik Kershaw - Wouldn't It Be Good
14:20 - Fleetwood Mac - Everywhere
14:21 - Guus Meeuwis & Vagant - Verliefd Zijn
14:24 - Shawn Mendes - Treat You Better
14:27 - Vanessa Paradis - Be My Baby
14:34 - Train - Hey Soul Sister
14:38 - Marit - Libbenstier
14:47 - Eurithmics & Aretha Franklin - Sisters Are Doing It For Themselves
14:50 - Onerepublic - Counting Stars
14:54 - Paul Mccartney - Band On The Run

15:08 - Lenny Kravitz - It Ain't Over 'til It's Over
15:14 - Pointer Sisters - Automatic
15:25 - Lukas Graham - 7 Years
15:32 - Robbie Williams - Candy
15:35 - Die Twa - Te Fier Fan Dy
15:46 - Paul Simon - You Can Call Me Al

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)