De middei fan Fryslân fan 29 maart 2016 13:00

  • Spiler wurdt laden

Dit kear sitte wy mei Omrop Help yn de trouringen. Fijkje Hoekstra is har trouring kwyt. De ynskripsje fan de ring is Rinze mei as datum 10-11-1971. Wa hat dizze ring sjoen? En tagelyk hat Bertha Hoekstra in trouring fûn. It is al wer in oantal jier lyn dat sy op har wurk by de Ljouwerter Krante de ring tsjinkaam op de wc's. Der wie doe in ekskurzje by de krante en de ring is fêst lizzen bleaun. Wa mist dizze ring?

Wy belje efkes mei Jorrit Veenstra. Jorrit is trainer fan acrogymklup Adonis út Drachten. Hy is mei mar leafst fjouwer teams yn Sina, dêr't se meidogge oan it WK acrogym. Snein en juster wiene de heale finales en hjoed de finales. Hoe is it gong? Ha de Friezen har pleatst foar de einstriid? En hoe fine de Drachtsters it? Binne se ûnder de yndruk fan Sina?

Wybrig Bakker en Peter van der Werff fan it Beyers Naudé binne te gast yn de studio. Ein febrewaris stiene Wybrig, learling fan it Beyers Naudé, en dosint Peter van der Werff nei in yndrukwekkende reis nei Gana wer op Skiphol. Mei oare learlingen en dosinten út hiel Nederlân gongen sy op besite by skoallen yn Gana en troffen dêr leeftydsgenoaten. De reis waard organisearre troch Edukans. Om ek de oare learlingen fan it Beyers Naudé te fertellen oer dizze reis, dogge Wybrig en Peter hjoed ferslach op skoalle. En moarn wurdt der in grutte aksjedei hâlden. Der is in boekemerk en learlingen ferkeapje selsmakke lekkernijen. Klasse 6 fersoarget boppedat in trijegangemenu yn it restaurant fan de skoalle. It jild giet fansels nei Edukans.

En Lars Hoekstra fan de Online Redaksje komt lâns om te fertellen wat him opfallen is op ynternet.

Jorrit is trainer fan acrogymklup Adonis

Willem siket koarleden foar it Noardewyn Koar

Peter en Wybrig wiene foar Edukans yn Gana

Lars Hoekstra fan de Online Redaksje

13:08 - Level 42 - Hot Water
13:13 - Adele - Hello
13:23 - De Kast - Vroege Vogel
13:27 - Abba - Summer Night City
13:33 - Mavericks - Here Comes My Baby
13:36 - The Kilkennys - South Australia
13:42 - De Dijk - Als Het Golft
13:49 - Madcon (Ft. Ray Dalton) - Don't Worry
13:52 - Ali B. & Diggy Dex - Ik Huil Alleen Bij Jou

14:06 - Aretha Franklin - I Say A Little Prayer
14:11 - Simple Minds - Alive And Kicking
14:23 - Lenny Kravitz - Always On The Run
14:24 - Backstreet Boys - Everybody (Backstreet's Back)
14:27 - Ilse Delange - I'm Not So Tough
14:35 - Caro Emerald - Back It Up
14:38 - Piter Wilkens & De Bazuin - De Oldehove Sien
14:46 - Toto - Rosanna
14:51 - Dotan - Home

15:04 - London Beat - I've Been Thinking About You
15:09 - Marvin Gaye - Sexual Healing
15:18 - Douwe Bob - Slow Down
15:20 - Coldplay - Adventure Of A Lifetime
15:26 - Johannes Rypma & Mirjam Timmer - Ik Wol Dy
15:33 - Kool & The Gang - Celebration
15:44 - Clarence Clemens & Jack Brown - You're A Friend Of Mine
15:53 - Dolly Parton - 9 To 5

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)