De middei fan Fryslân fan 24 desimber 2015 13:00

  • Spiler wurdt laden

It is tongersdei dus folgje wy de Koer fan Fryslân op syn reis troch de provinsje. Douwe Ekema joech de koer ferline wike troch oan Douwe Broersma út Bûtenpost. Douwe docht in soad frijwilligerswurk yn Bulgarije. Dêr giet er meardere kearen yn it jier hinne en nimt dan doazen fol mei guod mei foar de minsken dy't hjir help nedich hawwe.

Studinte IJtje Plantinga út Balk komt nei de studio. Sy sit yn it earste jier fan de Keningsteaterakademy yn Den Bosch. Op dit stuit binne se drok dwaande mei it projekt 'Kunstmest'. Doel fan dit projekt is om mear spylplakken te meitsjen foar jonge kabaretiers. It tema fan Kunstmest is dit kear 'It giet oan!'. De kabaratiers moatte dus yn de foarstellings omtinken jaan oan de Alvestêdetocht. Foar Ytsje hiel bekend, mar sy is de iennige Fries op de hiele oplieding. Wolsto nei de foarstelling? Kom dan 6, 7 of 8 jannewaris nei de Koningstheateracademie, Havensingel 25 yn Den Bosch. Of sjoch op www.koningstheateracademie.nl of op de facebookside fan Kunstmest.

Wy belje wer efkes mei Mariska Tuinier fan de Vinyl50. Hokker elpee stiet der op dit stuit op it earste plak fan meast ferkochte finylplaten? Kollega Arjen Overmaat skoot oan om te fertellen oer moarn. Dan presintearret hy op earste krystdei tegearre mei Johan Terpstra de Winterwiken Top 70. De moaiste krystplaatsjes komme tusken 12.10 en 18.00 oere foarby.

En ek fan 'e middei draaie wy lekkere krystplaatsjes om yn de stimming te kommen. Wat foar plaat meie wy foar jo draaie? Mail jo fersykje nei dmff@omropfryslan.nl of sms of app nei 06 20 499 199. Wy meitsje der in hearlike middei fan!

Douwe Broersma krige de Koer fan Fryslan

Studinte IJtje Plantinga sit op de Koningstheateracademie

Freon fan de show Arjen Overmaat

Mariska Tuinier fan de Vinyl 50

Ronald van der Pol fan de Online Redaksje

Dizze mashup fan Sky Radio is hjoed in hit op ynternet. BN'ers 'sjonge' Flappie fan Youp van 't Hek.

13:10 - Bianca Ryan - Why Couldn't It Be Christmas Every Day
13:15 - Scissor Sisters - I Don't Feel Like Dancin'
13:20 - Wiebe Van Dijk - D'r Leit Sneeuw Op 'e Straat
13:28 - Natasha Bedingfield - Shake Up Christmas 2011
13:38 - Pogues (Ft. Kirsty Maccoll) - Fairytale Of New York
13:42 - Mud - Lonely This Christmas
13:51 - Michael Bublé - The Christmas Song (Bonus Track)
14:05 - Jose Feliciano - Feliz Navidad
14:09 - Coldplay - Christmas Lights
14:14 - De Hunekop - Geweldich Krystfeest
14:22 - Slade - Merry Xmas Everybody
14:23 - Three-Ality - Krystdream
14:38 - Caro Emerald + Brook Benton - You're All I Want For Christmas
14:44 - Robby Valentine - Megaman
14:49 - Anneke Douma & Piter Wilkens - Under De Krystbeam

15:05 - Miss Montreal - Being Alone At Christmas
15:09 - Band Aid All - Do They Know It's Christmas
15:20 - De Kast - Overal Was Vrede
15:24 - Boney M - Mary's Boy Child-Oh My Lord (Single Version)
15:46 - Bjusterbaarlik Muzyk Ensemble - Wurkje Mei Kryst
15:51 - Wham! - Last Christmas

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)