De middei fan Fryslân fan 23 febrewaris 2016 13:00

It is wer tiisdei, dus tiid foar Omrop Help. Durk Kooistra siket de CD fan Ridd'm X. Dizze band út Fryslân hat ien Fryske hit, mar de CD is Ingelsktalich. Hy kin dit plaatsje nearne mear fine. Der stiene trettjin nûmers op. Durk soe syn Bob Marley kolleksje wol ynruilje wolle foar dizze CD. Wa kin Durk helpe en hat dizze plaat tafallich noch yn de kast stean? Sms of app nei 06 20 499 199.

Wy ha kontakt mei Era Copier fan it frouljuspopkoar Different Sound út Minnertsgea. It koar hat dit wykein it earste plak pakt by it lanlik Popkoar Festival yn Stienwyk. Yn teater De Meenthe striden tsien popkoaren út it hiele lân om de titel. Different Sound gong nei hûs mei in moaie beker en in sjek fan 450 euro. Justerjûn binne de froulju traktearre op in taart mei dêrop in foto fan it koar fan marsepyn.

Wy belje mei Hinke Kooistra. Hinke is juster mei har dochter Sjoukje oankaam yn Spanje. Dêr rint har soan Douwe Sjirk staazje foar trije moannen. Douwe Sjirk is op 9 febrewaris dy kant al opgong, en no sille Hinke en Sjoukje sjen hoe't er it dêr hat. Dat se no al gean hat ek te krijen mei it feit dat Hinke thús in buorkerij runt. De skiep moatte aanst lamje, en dêr moat Hinke bywêze. Har man Sjirk Zijlstra is trije jier lyn ferstoarn en sûnt dy tiid hat Hinke de lieding op de grutte pleats yn Wânswert. Ek de bern wurkje hurd mei as se thús binne. In bysûndere famylje, dy't it mei syn trijen oprêdt.

Freon fan de show is Iris Kroes. De sjongeres út Drachten lit op har Facebookpagina witte dat se al wer op de helte sit mei har Irisistible teatertour. Kommende tongersdei is se noch te sjen yn Frjentsjer en op freed yn Oldenzaal. Hoe giet it mei har show? En wat ek noch wol nijsgjirrich is, is dat se foarige wike woansdei op it poadium stie by Paul de Leeuw. Hy hie in optreden yn De Lawei en Iris mocht op it poadium komme foar in duet.

En kollega Lars Hoekstra fan de Online Redaksje fertelt oer wat him opfallen is op ynternet.

Era Copier fan it frouljuspopkoar Different Sound

Iris Kroes hat in duet songen mei Paul de Leeuw

Hinke Kooistra reizge nei Spanje

Lars Hoekstra fan de Online Redaksje

13:08 - Tambourine - High Under The Moon
13:12 - Anouk - Run Away Together
13:21 - Riddim_X - Ik Tink Oan Dy
13:28 - Weima & Van Der Werf - Op 'e Kofje By Pete
13:35 - Billy Ray Cyrus - Achy Breaky Heart
13:46 - Billy Joel - She's Always A Woman
13:53 - Claudia De Breij & Waylon - Mis Je Zo Graag
14:06 - Cliff Richard - I Could Easily Fall In Love With You
14:10 - Style Council - Shout To The Top
14:22 - Benny Neyman - Waarom Fluister Ik Je Naam Nog
14:28 - Vaya Con Dios - Heading For A Fall
14:35 - Madonna - American Pie
14:39 - Diggy Dex (Ft. Jw Roy) - Treur Niet (Ode Aan Het Leven)
14:49 - Paul De Leeuw & Simone Kleinsma - Zonder Jou
14:51 - Iris Kroes - Thus

15:06 - Shania Twain - Man I Feel Like A Woman
15:11 - Fleetwood Mac - As Long As You Follow
15:21 - Twenty One Pilots - Stressed Out
15:25 - De Kast - Neem Me Zo
15:31 - E.L.O. - Hold On Tight
15:41 - Stranglers - Golden Brown
15:49 - Rihanna (Ft. Kanye West & Paul Mccartney) - Four Five Seconds
15:53 - U2 - Angel Of Harlem

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)