De middei fan Fryslân fan 22 desimber 2015 13:00

It is wer tiisdei, dus tiid foar Omrop Help. Dit kear sykje wy wol wat hiel bysûnders. Hielke Coehoorn út Beetstersweach is houthakker en hy siket noch ûnderdielen foar in motorseage Sachs Dolmar, type 120. Hielke seaget wol gauris in beam om yn de bosk fan De Sweach foar hout foar de kachel, mar syn âld type Sachs Dolmar hat lêstendeis belies jûn. Gelokkich mei er sels graach sleutelje, dus as der noch minsken binne dy't noch sa'n motorseage lizzen hawwe, dan hat Hielke der wol belang by foar de ûnderdielen. Op dit stuit is er mei de bile yn aksje, wat in moaie foarm fan fitness is, mar hy mist syn motorseage dochs wol hiel bot.

Kollega Lars Hoekstra fan de Online Redaksje hat altyd in prachtige trui oan. Mar syn truien binne sa stadichoan op. Wa wol foar him in prachtige trui breidzje? It ûntwerp mei hielendal nei eigen smaak, want wy belove dat Lars de kreaasje oandocht as er yn de studio komt. Jo kinne jo eigen trui dus weromsjen! Lars hat in M'ke as maat. Dogge jo mei?

Op it Waagplein yn Ljouwert is suver krekt de kryststâl iepene. Leden fan de Rotary Oldehove spylje dêr yn de kryststâl as Jozef en Maria, de hoerders en de wizen út it Easten. Ek is der muzyk, want der wurdt song op in pream troch de Ljouwerter grêften. Wy hawwe Henk Hulscher oan de telefoan om te fertellen wat der te sjen en te dwaan is.

En Jaap fan de Online Redaksje skoot oan om te fertellen wat him opfallen is op ynternet.

Hielke Coehoorn siket ûnderdielen foar in Sachs Dolmar

Kollega Lars Hoekstra siket in nije breiden trui

Freon fan de show Lytse Hille

Henk Hulscher fan de libbene kryststâl yn Ljouwert

13:09 - Jona Lewie - Stop The Cavalry
13:13 - Racoon - Fun We Had
13:20 - Aldjiersploech Marsum En Van Wie - Marsum Ahoy
13:24 - Sting - Englishman In New York
13:36 - Bad English - Straight To Your Heart
13:40 - Felix Jaehn & Jasmine Thompson - Ain't Nobody
13:51 - Stromae - Papaoutai

14:06 - John & Yoko - Happy Xmas (War Is Over)
14:11 - Foreigner - Waiting For A Girl Like You
14:25 - Bee Gees - Stayin' Alive
14:33 - Bruno Mars - The Lazy Song
14:36 - Else & Albert - Wite Wrald
14:44 - Darlene Love - Winter Wonderland
14:47 - Madcon (Ft. Ray Dalton) - Don't Worry
14:52 - Nits - Soap Bubble Box

15:07 - Anneke Douma & Piter Wilkens - Under De Krystbeam
15:12 - Pet Shop Boys & Dusty Springfield - What Have I Done To Deserve This
15:19 - Lukas Graham - 7 Years
15:23 - The Kik - Een Kerstliedje Voor Jou
15:27 - Robbie Williams - Candy
15:35 - Bryan Adams - Something About Christmas Time
15:44 - Peter Cetera - Glory Of Love
15:51 - Dr.Hook - Baby Makes Her Blue Jeans Talk

Diel dit berjocht op:
Femke de Walle

De middei fan Fryslân

Fan Friezen dy't lânskomme yn studio 4 oant telefoantsjes mei in Fries om utens, it komt oan Femke de Walle foarby. Alle kearen komt de social mediaredaksje op besite en kiest it publyk de lêste plaat.
Presintaasje: 
Femke de Walle
    Radio iconUtstjoering: Fan moandei oant en mei freed fan 13.00 oant 16.00 oere.
(advertinsje)