De middei fan Fryslân fan 21 maart 2016 13:00

  • Spiler wurdt laden

Geert van Tuinen iepenet de middei mei fuotbaltrainer Wieb Rodenhuis. Dit jier stiet Wieb as trainer mar leafst 30 jier oan de kant fan it fjild om syn ploech te coachen. Wat komt der allegear sjen by it trainerskip? En hokker klups hat Wieb de ôfrûne 30 jier ûnder syn lieding hân? Nei 30 jier sjogge wy werom op de hichte- en djiptepunten út de karriêre fan in belutsen sportman.

Johannes Wolbers stie dit wykein yn de finale foar de titel Kern met Pit mei de kleastertún yn Easterbierrum. Yn april ferline jier binne de skoalbern yn Easterbierrum útein set mei it plantsjen fan de beammen. Yntusken is it maitiid en is de tún klear om hielendal op te bloeien. Mar wie dat genôch om de titel Kern met Pit te pakken? Wy freegje it oan Johannes.

Hjir yn Fryslân lit de maitiid him stadichoan hieltyd mear sjen. Mar wêr't it noch altyd iiskâld is, is Sibearië. En dêr sit Boukje Fokkema. In moanne lyn ferhuze sy nei it meast kâlde plak fan de wrâld om dêr as frijwilliger de weesbern te helpen. Hoe giet it mei har? Kin se it noch in bytsje waarm hâlde? En hoe giet it mei har projekt yn it weeshûs?

Wieb Rodenhuis wie te gast yn de studio

Johannes Wolbers oer de Kern met Pit titel

Boukje Fokkema yn Sibearië

13:08 - Paul Mccartney - Say Say Say
13:13 - Sherbet - Howzat
13:34 - Alannah Myles - Black Velvet
13:48 - Charlie Puth - One Call Away
14:04 - Cliff Richard - In The Country
14:08 - Kim Wilde - Kids In America
14:18 - Dire Straits - Brothers In Arms
14:24 - Shawn Mendes & Camila Cabello - I Know What You Did Last Summer
14:27 - Hanson - Mmmbop
14:36 - Bob Sinclar - Love Generation
14:39 - Arthur Baker - The Message Is Love
14:51 - Tina Turner - The Best

15:05 - Vaya Con Dios - Nah Neh Nah
15:10 - Erasure - Sometimes
15:13 - X-Ambassadors - Renegades
15:24 - Gaatze - De Leste Dei
15:27 - Culture Club - Do You Really Want To Hurt Me
15:35 - Clout - Save Me
15:45 - De Hunekop - Der Sit Dy Iets Dwars (Live Nw)
15:47 - Dnce - Cake By The Ocean
15:54 - Scene - Iedereen Is Van De Wereld

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)