De middei fan Fryslân fan 21 jannewaris 2016 13:00

  • Spiler wurdt laden

It is tongersdei, dus tiid foar finyl. Wy belje alderearst wer efkes mei Mariska Tuinier fan de Vinyl Top 50. Wat foar platen steane der yn de hitlisten en binne der noch opfallende feroarings?

Nei trije oere komt finylleafhawwer Douwe Mollema nei de studio mei syn moaiste elpees. Douwe hat sels in muzykwinkel, Music Mol, yn Frjentsjer. Wat binne syn meast bysûndere platen?

Ek studinten Tjalling Reitsma en Jeroen de Vries komme nei de studio. Beide jonges studearje oan D'Drive fan it Friesland College. Se dogge de opleiding Event Management. Sûnt ferline jier hawwe se in eigen eveneminteburo mei de namme RFX Productions. En de jonges binne ambisjeus. Op Keningsnacht 26 april wolle se de earste edysje fan it Embrace Music Festival yn Neushoorn organisearje. Dit dance-evenemint moat minsken út hiel Fryslân lûke.

Wy belje efkes mei Justina van Baal. Sy wie juster yn Bynt om te praten oer it natuerlik grutbringen fan bern. Healwei it petear woe har dochter Fiora eins wol wat drinken, mar dêr bedoelde se gjin ranja mei! Live yn de útstjoering gong se oan it boarst, en dat filmke giet no hast de wrâld oer. Wy hearre even hoe't it no is mei har, wat kriget se foar reaksjes? En hoe giet se dêr mei om?

Studinten Jeroen de Vries en Tjalling Reitsma

Mariska Tuinier oer de Vinyl 50

Justina van Baal oer boarstfieding

De finylplaten fan Douwe Mollema

Ronald van der Pol fan de Online Redaksje

13:08 - Pointer Sisters - I'm So Excited
13:13 - Kygo (Ft. Ella Henderson) - Here For You
13:31 - Simply Red - Stars
13:37 - Ella & Her Man - Langstme (Live Rf 17/09/2015)
13:50 - Adele - When We Were Young

14:05 - Roy Orbison - Oh Pretty Woman
14:11 - Supertramp - It's Raining Again
14:22 - Fleetwood Mac - Go Your Own Way
14:28 - Charlie Puth (Ft. Meghan Trainor) - Marvin Gaye
14:33 - Alain Clark - Blow Me Away
14:37 - Mary J. Blige & George Michael - As
14:49 - Gurbe Douwstra - As It Myn Tiid Is
14:54 - Men At Work - Down Under

15:05 - Santana (Ft. Rob Thomas) - Smooth
15:11 - Tom Jones & The Art Of Noise - Kiss
15:28 - Jack Bottleneck - Lost Case Of Being Found
15:34 - Doobie Brothers - Listen To The Music
15:43 - Freiheit - Play It Cool

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)