De middei fan Fryslân fan 21 desimber 2015 13:00

Kabaretier, sjonger, akteur en tekstskriuwer Rients Gratama is hjoed te gast by Femke yn de studio. Rients stiet al jierren op 'e planken mei syn jierlikse krystmusical yn it Posthuis Theater. De akteur hat it smoardrok mei de premjêre. Ek dûke wy fansels mei him yn it ferline. Dat dogge wy oan de hân fan trije muzyknûmers, dêr’t in bysûnder ferhaal oan fêst sit.

Freon fan de show is Denise Rivera. Sy stiet mei har dancenûmer A World Without You op plak 17 yn de USA Dance Radio Top40.

Fansels gean wy ek wer de grins oer. Dit kear belje wy mei Esther van Hulsen yn Noarwegen. Esther is hikke en tein yn Ljouwert, mar wennet sûnt 2006 yn Noarwegen. Se is troud mei in Noar en wenne yn it begjin hielendal boppe yn it lân, yn de stêd Boede. Dy stêd leit boppe de poolsirkel, wat betsjut dat it dêr yn de simmer hast net tsjuster wurdt en yn de winter hast net ljocht. Dêr koe Esther hielendal net oer, want se hie twa kear yn it jier in mega jetlag. Dus yn 2008 binne se ferhuze nei Oslo, en dêr foldocht it har poerbêst.

Esther makket tekeningen fan bisten út de prehistoarje, bygelyks dino's. Dat docht se yn gearwurking mei in paleontolooch, dêr't se yntusken al fiif boeken mei makke hat oer útstoarne bisten. Ek skilderet se en ferkeapet se har tekeningen. As bern tekene se altyd al bisten, dus nei de keunstakademy yn Grins hat se no fan har hobby har wurk makke.

En Lars Hoekstra fan de Online Redaksje skoot oan om te fertellen wat him opfallen is op ynternet.

Rients Gratama te gast - Diel 1

Rients Gratama te gast - Diel 2

Freon fan de show Denise Rivera

Fries om utens Esther van Hulsen yn Noarwegen

Lars Hoekstra fan de Online Redaksje

Is myn akkount lekt? Tsjek it op dizze side.

13:07 - Slade - Merry Xmas Everybody
13:12 - Genesis - I Can't Dance

14:04 - Dean Martin - Let It Snow! Let It Snow! Let It Snow!
14:09 - Tina Turner - We Don't Need Another Hero
14:14 - Marco Borsato - Mooi
14:26 - Mariah Carey - Santa Claus Is Comin' To Town
14:34 - Kt Tunstall - Black Horse & The Cherry Tree
14:37 - Piter Wilkens & De Bazuin - De Oldehove Sien
14:47 - Three-Ality - Winter Mei Dy
14:50 - Lost Frequencies - Are You With Me
15:06 - Simply Red - Stars
15:11 - Pretenders - Message Of Love
15:22 - Dotan - Let The River In
15:25 - Zipp - Zo Bijzonder
15:33 - Chris Rea - Driving Home For Christmas
15:42 - Gloria Estefan - Bad Boy
15:46 - Doe Maar - 1 Nacht Alleen
15:53 - Kees Van (De Vieze Man) Kooten - Ballen In Me Buik

Diel dit berjocht op:
Femke de Walle

De middei fan Fryslân

Fan Friezen dy't lânskomme yn studio 4 oant telefoantsjes mei in Fries om utens, it komt oan Femke de Walle foarby. Alle kearen komt de social mediaredaksje op besite en kiest it publyk de lêste plaat.
Presintaasje: 
Femke de Walle
    Radio iconUtstjoering: Fan moandei oant en mei freed fan 13.00 oant 16.00 oere.
(advertinsje)